Skriuwster en yllustrator
de skriuwster
Lida Dykstra skriuwt berneboeken yn it Nederlânsk en it Frysk en hat in lange list fan prizen en nominaasjes yn de wacht sleept: yn 2022 wie sy nominearre foar de Woutertje Pieterseprijs en de Boon (Flaamske literatuerpriis) foar De schaduw van Toet en yn 2007 wûn se de Simke Kloostermanpriis foar Lederwyntsje, bern mei krêften. Fan 2022-2023 wie Lida berneboek-ambassadeur yn Fryslân en hat yn dy funksje tal fan skoallen besocht en bern entûsjast makke om Frysk te lêzen, se wie ek aktyf as Schoolschrijver. Sy wit dan ek as gjin oar wat bern oansprekt en wêr’t se tsjin oanrinne by it lêzen.
de yllustrator
Berber van den Brink (1982) wurket as yllustrator en grafysk ûntwerper. Nei har opliedingen Docent Beeldende Kunst & Vormgeving en Communicatie & Multimedia Design is sy fyftjin jier lyn mei har eigen studio begûn. Har wurk is kleurryk en konseptueel, grafysk en/of teatraal, mei humor.