De letterfretter
De letterfretter, de letterfretter
fynt alle lûden like lekker.
Hy stelt se troch in hek of stek
of ljept derfoar oer it wetter.
Hy fret se troch hiel Fryslân op;
syn búk wurdt hieltyd fetter.
Alle lûden
In sinnebaaiende pappegaai, in gouddo en in sliepperich rûpke, de letterfretter komt alderhande bisten tsjin op syn reis troch Fryslân. Hy is op syk nei Fryske lûden (klinkers) sa as de Â, de OA, de II en al dy oaren, dêr is er sljocht op. Folgje de letterfretter op syn reis en lear boartsjendewei alle Fryske lûden en de aldermoaiste Fryske wurden.
Yn it boek De letterfretter steane 47 gedichten fol taalrykdom, mar ek mei humor, dat is Lida Dykstra wol tabetroud. Berber van den Brink makke de prachtige yllustraasjes. Dat alle lûden dy’t yn it Frysk foarkomme yn dit boek systematysk op in rychje steane, makket fan De letterfretter in nije klassiker dy’t yn gjin inkele boekekast ûntbrekke mei. It is in boek foar minsken fan 10 – 100 jier.