De Letterfretter

De letterfretter, de letterfretter
fynt alle lûden like lekker.
Hy stelt se troch in hek of stek
of ljept derfoar oer it wetter.
Hy fret se troch hiel Fryslân op;
syn búk wurdt hieltyd fetter.

Alle lûden

In sinnebaaiende pappegaai, in gouddo en in sliepperich rûpke, de letterfretter komt alderhande bisten tsjin op syn reis troch Fryslân. Hy is op syk nei Fryske lûden (klinkers) sa as de Â, de OA, de II en al dy oaren, dêr is er sljocht op. Folgje de letterfretter op syn reis en lear boartsjendewei alle Fryske lûden en de aldermoaiste Fryske wurden.

Yn it boek De letterfretter steane 47 gedichten fol taalrykdom, mar ek mei humor, dat is Lida Dykstra wol tabetroud. Berber van den Brink makke de prachtige yllustraasjes. Dat alle lûden dy’t yn it Frysk foarkomme yn dit boek systematysk op in rychje steane, makket fan De letterfretter in nije klassiker dy’t yn gjin inkele boekekast ûntbrekke mei. It is in boek foar minsken fan 10 – 100 jier.

Produkten

De Letterfretter is sljocht op Fryske lûden (klinkers) sa as de â, de oa, de ii en al dy oaren. Helpsto him om de wurden mei itselde lûd byelkoar te sykjen? Hast se alle fjouwer? Dan hast in kwartet én tagelyk de komplete yllustraasje út it boek De Letterfretter fan Lida Dykstra, dêr ‘st alle lûden yn it Frysk yn fine kinst.De yllustraasjes binne fan Berber van den Brink en de foarmjouwing is dien troch Jelmer van der Meulen.

Letterfretterboek
Letterfretterkwartet

Letterfretter yn de media

Letterfretter kleurplaat

Skriuwster en yllustrator

www.lidadijkstra.nl

Lida Dijkstra

Berber van den Brink (1982) wurket as yllustrator en grafysk ûntwerper. Nei har opliedingen Docent Beeldende Kunst & Vormgeving en Communicatie & Multimedia Design is sy fyftjin jier lyn mei har eigen studio begûn. Har wurk is kleurryk en konseptueel, grafysk en/of teatraal, mei humor.

www.berbervandenbrink.nl

Berber van den Brink